sibejan | interieur etc.

DE (Berlin)    +49 176 9933 7276
NL                   +31 6 5050 5925

skype sibejan

e-mail, facebook, twitter, LinkedIn
bladerwolk
{ Hollânsk foar 'wolk fan blêden' }


In wolk fan papier, reagearend op e-mailferkear.

Foar it nije gebou fan de NHL Hegeskoalle bin ik frege in keunstwurk te betinken, wêrmei boppedat Prinses Máxima de nijbou feestlik iepenje koe.

Mei oanlutsen keunstner Bouke Groen murk ik dat de reuring binnen sa'n hegeskoalle ús tige ynspirearre. Dit leven meitsje wy sichtber yn dit kinetysk keunstwurk: in beweegjende en ritseljende wolk fan papier dy't realtime de kommunikaasje binnen de hegeskoalle sjen lit.

De beweging fan de wolk is ôfhinklik fan it tal e-mails dat ferstjoerd wurdt. Op in rêstige moandeitemoarn is de wolk stil, mar at op woansdeitemiddei de stúdzjeplakken fol sitte, is dit keunstwurk goed te fernimmen.

Prinses Máxima fierde de iepeningshanneling út troch op it poadium in e-mail te skriuwen oan alle âlvetûzen studinten en meiwurkers fan de NHL. Dit tal e-mails triggere in meganyk en dat sette de 'bladerwolk' yn beweging.

• opdrachtjouwer | NHL Hogeschool
• betocht en útfierd mei Bouke Groen
• materiaal | û.o. software, motoaren, hout & brânfertraagjend papier (tank foar it sponsorjen, Proost en Brandt ;)
• grutte | ±2m x 5,5m x 3m
• foto's | Aernout Steegstra, Tryntsje Nauta en Sibe Jan Kramer
hjir is in (Hollânsk) parseberjocht