sibejan | interieur etc.

DE (Berlin)    +49 176 9933 7276
NL                   +31 6 5050 5925

skype sibejan

e-mail, facebook, twitter, LinkedIn
Winnend ûntwerp foar in priisfraach foar in mobile bar foar keunstinisjatyf VHDG.

In mobile bar mei kâld en waarm wetter, in koelkast, in kassa, yntegrearre ferljochting en genôch opberchplak oan board. Boppedat wurket alles nei it oansluten fan mar ien stekker. Dat is de 43bar.

VHDG hat û.o. de ambysje keunstprojekten mei in heech artistyk nivo sa op te setten dat se in ferskaat en breed publyk oansprekke. Mar oan dizze bar treffe je just kultureel ûnderleine en artistike minsken. Sadwaande draai ik it om.
Ik wol de driuwfearen, motiven en doelstellingen fan de gewoane man toane oan it kulturele publyk. Ut in database fan 43things haw ik de meast populêre 'doelstellingen' fan minsken út de hiele wrâld helle en dy haw ik oersette litten yn sa'n tolve by VHDG-eveneminten sprutsen talen en dialekten, fan it Liwadders, it Grunneger en it Frysk oant it Japansk.
Dizze sinnen binne as in tag cloud útstruid oer it oansjoch fan de bar.


• opdrachtjouwer: VHDG
• realisearring y.g.m.: Peter van der Noord, Raoul Ruark, Steen Interieurbouw en in tal oersetters
• materiaal: û.o. lichtgewicht multipleks, rvs, akrilaat
• foto's: Jenne Hoekstra